Start Fryske Google Translate Wike

Hjoed gie de Fryske Google Translate Wike fan start. Learlingen út groep 6, 7 en 8 fan de trijetalige basisschool De Pôlle te Marsum fersoargen tegearre mei deputearre Sietske Poepjes de ôftraap. Sy setten dêrby fuortendaliks it publyk oan it wurk mei in selsbetocht fertaalspul.
Fan 21 septimber t/m 26 september organisearret de provinsje Fryslân yn gearwurking mei de Afûk en de Fryske Akademy de Fryske Google Translate Wike. Doel fan dizze wike is om mei elkoar safolle mooglik foarbyldsinnen fan it Ingelsk nei it Frysk oer te setten. Sadat it Frysk opnommen wurdt yn de online oersetservice Google Translate.
Deputearre Sietske Poepjes: “Google Translate is net allinne hartstikke handich, mar ek hiel wichtich foar in lytsere taal as it Frysk: it lit sjen dat de taal fitaal is en mei de tiid meigiet. Boppedat wurdt de tapassing en de sichtberens fan de taal fergrutte. Dat it Frysk opnommen wurdt yn dit soarte fan digitale tapassingen, fersterket it eigentiidske imago fan it Frysk dêr’t ek de jongerein mei oansprutsen wurdt.”
Oersetters socht
Elkenien dy’t goed Frysk skriuwe kin, kin Ingelske foarbyldsintsjes yn it Frysk oersette. Fia de de webside fan Google Translate kinne frijwilligers ynlogge mei in persoanlik gmail-account, of dêr ien oanmeitsje. Nei it selektearjen fan de talen Frysk en Ingelsk ferskine der Ingelske sinnen, dy’t oerset wurde moatte nei it Frysk.
Oersette binnen en bûten de provinsje
Mei de Fryske Google Translate Wike organisearje ferskillende organisaasjes aktiviteiten om safolle mooglik Frysktalige oersettings fan Ingelske sinnen ynfierd te krijen. Sa organisearret de Ryksuniversiteit Grins in oersetmaraton mei studinten fan de oplieding Fryske taal en kultuer. En op 25 en 26 septimber mei it DRONGO Talenfestival yn Utert, kinne besikers dy’t Frysk skriuwe ek meihelpe oan de oersettings. It DRONGO Talenfestival is it grutste talefestival fan Nederlân. Google sil op dit festival, op 26 septimber, it totale tal Fryske oersettings bekend meitsje.
Mear ynformaasje oer de Fryske Google Translate Wike is te finen fia www.fryslan.frl/fgtw.
Dit artikel is een ingezonden bericht en valt buiten de verantwoordelijkheid van de redactie.