Industry Wire

Geplaatst door Picnic

Online supermerk Picnic komt einlings nei Ljouwert Fryske haadstêd earste yn it Noarden dêr’t websuper thúsbesoarget

Ljouwert, 3 augustus 2021 – Online supermerk Picnic set fan mids augustus ôf yn Ljouwert útein. Dat is dan it earste plak yn ‘e noardlike provinsjes, dêr’t de elektryske besoarchweintsjes fan de websuper de boadskippen fergees thúsbesoargje. Ynwenners fan de Fryske haadstêd kinne fan hjoed ôf de app op harren tillefoan delhelje en harren ynskriuwe.

“Wy binne tige bliid om lang om let de earste klanten yn Noard-Nederlân bliid meitsje te kinnen”, seit meioprjochter fan Picnic Michiel Muller. “Ut ús distribúsjesintrum yn Utert wei wie it spitigernôch net mooglik om it Noarden goed te betsjinjen, mar dat is mei ús nije distribúsjesintrums yn Apeldoarn en aanst Swol wol it gefal. De Friezen hawwe lang op ús wachtsje moatten. Dêrom hjitte wy no al dy minsken dy’t harren al jierren ferlyn by ús oanmelden hawwe graach wolkom yn harren eigen taal.

Typyske Picnic-stêd
Ljouwert is foar Muller in ideaal plak om de aktiviteiten yn it Noarden mei op te starten. “Ljouwert hat in protte húshâldings en twafertsjinners dy’t harren tiid graach nuttich besteegje. Dizze groep wit it te wurdearjen as se net sels nei de supermerk hoege om te boadskipjen. Wy sjogge dat oan al dy fersiken dy’t wy krije om ek yn Fryslân útein te setten. Trochdat wy fergees thúsbesoargje, hâlde sy tiid oer om aardige dingen mei harren húshâlding of freonen te dwaan.” Mei sa likernôch 65.000 húshâldings makket ek de grutte fan Ljouwert dat it in typyske Picnic-stêd is.

De besoarging fynt plak út de hub (in lokaal distribúsjepunt) wei oan ‘e Snitsertrekwei 89 yn Ljouwert. Ynearsten sille dêr 10 runners (besoargers) mei 5 elektryske besoarchweintsjes úteinsette. Ein 2021 sille dat der 45 runners en 20 weintsjes wurden wêze.

Net de lêste útwreiding nei it Noarden
Picnic besoarget de boadskippen yntusken by goed 650.000 klanten, ferdield oer goed 125 Nederlânske doarpen en stêden, fergees oan hûs. Fiif en in heal jier lyn is de websuper yn Amersfoart úteinset, om dêrnei stadichoan út te wreidzjen nei grutte en lytsere plakken yn ús lân. Trije moannen lyn kamen Lansingerland en Pijnacker der noch by. En dêrfoar wie ûnder oaren al úteinset yn Amsterdam, Utert, Ede, Veenendaal, Venlo, Swol en Apeldoarn.

Hoewol’t de útwreiding fan Picnic nei Ljouwert foar de websuper de earste nei it Noarden is, sil it wis net de lêste wêze. Wêr’t yn ‘e noardlike provinsjes de elektryske weintsjes fan Picnic dêrnei ek yn it strjitbyld ferskine sille, is lykwols noch net bekend. Muller: “Wy binne op ’t stuit yn ferskate stêden oan it sykjen nei romte om in hub fêstigje te kinnen.”

Oer Picnic
Foar de lansearring ein 2015 hat Picnic trije jier lang yn stilte mei in tiim fan 30 spesjalisten sûnder ûnnedige tuskenskeakels wurke oan it thúsbesoargjen fan boadskippen. De klant kiest hokfoar rit it bêste útkomt en wit mei help fan de Picnic-boadskipperadar op de minút sekuer hoe let oft de besoarging wêze sil. De kosten fan dy nije wize fan distribúsje binne sa leech, dat de besoarging fergees is en de boadskippen tagelyk de leechste priis hawwe. Yn 2018 sette Picnic ek yn Dútslân en yn 2021 yn Frankryk útein. Picnic is in inisjatyf fan de ûndernimmers Joris Beckers, Frederik Nieuwenhuys, Michiel Muller en Daniel Gebler.

Online supermerk Picnic set fan mids augustus ôf yn Ljouwert útein. Dat is dan it earste plak yn ‘e noardlike provinsjes, dêr’t de elektryske besoarchweintsjes fan de websuper de boadskippen fergees thúsbesoargje. Klikje op de foto om de royalty-fergese ôfbylding yn hege resolúsje te downloaden.

 

 

Dit artikel is een ingezonden bericht en valt buiten de verantwoordelijkheid van de redactie.

Deel dit bericht